Skoalgebouwen nei Carex

Gemeente Opsterlân
Opsterlân jout trije leechsteande skoalgebouwen yn de gemeente yn brûklien. De skoallen yn De Himrik en Fryske Peallen binne noch net ferkocht of ferhierd. De gemeente hat dêrom in oerienkomst sletten mei Carex. Dat bedriuw beheart en bemiddelt om hierders yn leechsteande gebouwen te krijen. Foar Opsterlân hat dat as foardiel dat de gebouwen ûnderhâlden wurde en dus net fertuteazje. It is noch net dúdlik oan wat foar partijen de skoalgebouwen ferhierd wurde sille.