Frou skampt troch trein

© Omrop Fryslân
It treinferkear tusken Ljouwert en Akkrum hat woansdeitemoarn in skoft stillein fanwege in oanriding tusken de trein en in frou. In plysjeman hie de frou op it spoar lizzen sjoen wêrnei't de trein oere har hinne riden is. Se gie dêrnei oerein en rûn fuort. De oproppen helptsjinsten fûnen har yn de greide. Se wie wol skampt troch de trein, mar net slim ferwûne. Se is foar kontrôle meinommen nei it sikehûs. It treinferkear is fuort nei it ynsidint stillein. De dêrtroch ûntstiene fertraging wie om goed tsien oere wer oer.