Plysje:tink om guod by sporten

29 feb 2012 - 10:21

De plysje warskôget sporters en sportferienings dat se gjin guod fan wearde yn de klaaiboksen achterlitte moatte. De lêste moannen wurdt in soad stellen op sportkompleksen. Dêrby ferdwine beurzen, mobile telefoans, horloazjes en sieraden. De plysje advisearret ek om in applikaasje op de mobile telefoan te ynstallearjen sadat de telefoan te achterheljen is yn it gefal fan stellerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)