GGD psycholooch: Rouferwurking hat tiid nedich

Minsken dy't in famyljelid ferlern hawwe by de fleanramp mei de MH17 boppe Oekraïne dogge der goed oan om net te gau yn terapy te gean. Dat seit psycholooch Jos de Keijser fan GGZ Fryslân. De Keijser is spesjalisearre yn rouferwurking nei in gewelddiedige dea. Rouferwurking hat syn tiid nedich, sa seit er.
Minsken dy't nei ferrin fan tiid fêstrinne dogge der wol ferstannich oan om help te sykjen, fynt De Keijser. Hy ferwachtet dat mar in minderheid fan de neibesteanden profesjonele help nedich hawwe sil.
In grut probleem by in fleanramp as dy mei de MH17 is dat neibesteanden yn earste ynstânsje fral in hiel soad fragen hawwe en dêrtroch pas folle letter begjinne kinne mei it ferwurkjen fan it ferlies. De nasjonale betinking fan moandei kin de neibesteanden helpe trochdat se it ferlies sa diele kinne. Ek is it in wichtich stik erkenning. De Keijser is bysûnder heechlearaar rouferwurking oan de Ryksuniversiteit Grins en ek belutsen by ynternasjonaal ûndersyk nei rou nei in gewelddiedige dea.