Prate oer respekt op skoalle 't Partoer yn Burgum

10 nov 2014 - 13:32

Op de dei fan de nasjonale betinking fan de slachtoffers fan de ramp mei de MH17, praten bern fan groep 8 fan 't Partoer yn Burgum oer 'respekt'. Moandei is nammentlik de 'wike foar respekt' úteinsetten, in inisjatyf fan Rabijn Soetendorp.

It Fryske Twadde Keamerlid Sander de Rouwe wie frege om gastles te hâlden op de skoalle yn Burgum. Hy makke mei de bern 'de wet fan respekt'. Bern mochten sels de regels betinke en dêrnei stimme wat sy it meast belangryk fûnen.

De Rouwe twifele foarôf oft hy de MH17 yn syn les oan de oarder stelle soe, mar besleat te wachtsjen op wêr't de bern sels mei kamen. Dy referearden der net oan. Belangrike punten wiene foar harren foaral regels tsjin narjen op it skoalplein, sportyf gedrach op it sportfjild en respekt foar bisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)