Gjin Fryske delegaasje by betinking MH17 yn Amsterdam

10 nov 2014 - 13:25

De gemeente Opsterlân is moandei net ferstjintwurdige by de betinking fan de slachtoffers fan de fleantúchramp mei de MH17. Dit komt omdat boargemaster Marian Jager har taak op dizze dei oerdraacht oan de nije boargemaster fan Opsterlân. Opsterlân hat de ôfrûne moannen wol in rol hân yn de helpferliening. It echtpear Auke en Aafke Dalstra fan De Gordyk binne by de ramp om it libben kaam.

Ek út Ljouwert wei is der gjin delegaasje yn de RAI yn Amsterdam. De betinking begjint moandei om 13.00 oere.

De kommissarissen fan de Kening wurde yn Amsterdam fertsjintwurdige troch Johan Remkes, de kommissaris fan Noard-Hollân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)