Rikke woarst út Frjentsjer bekroand mei gouden stjer

10 nov 2014 - 11:16

Woarstmakker Klaas de Haan fan Bruinsma Woarstmakkerij yn Frjentsjer hat moandei by de Noardlike Slachters Manifestaasje yn Zwolle in útsûnderlike prestaasje delset mei syn rikke woarst. Syn produkt is bekroand mei de titel goud mei stjer.

Ek mei syn Fryske droege woarst en grillwoarst skoarde er goud. De Noardlike Slachters Manifestaasje stiet bekend as ien fan de meast prestisjeuze wedstriden yn de slachterswrâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)