Skellende man oanholden op stasjon yn Ljouwert

© Google Streetview
In 54-jierrige man út Bûtenpost is sneintejûn op it treinstasjon yn Ljouwert troch de plysje oanholden nei't er treinkondukteurs beledige hie. De man koe by in kontrôle gjin kaartsje sjen litte. Ek hie er nei eigen sizzen gjin legitimaasje by him. De swartrider beledige de kondukteurs dy't him kontrolearren. Doe't de man útstapte yn Ljouwert, skold er ek de plysje út. Se ha de man al skellend oanholden.
By it fûillearjen die bliken dat er wol in legitimaasjebewiis by him hie. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.