Fryske reizgers hiene lêst fan wikselsteuring
In wikselsteuring op it spoar tusken Zwolle en Meppel hat moandeitemoarn foar oerlêst soarge op in soad treinstasjons. Ek reizgers út Fryslân hienen dêr lêst fan, om't de treinen fan Ljouwert nei Zwolle ta net ride koenen. De steuring begûn om healwei sânen en wie om healwei njoggenen oplost. ProRail sette bussen yn om de reizgers te ferfieren.