Man set auto stil op de A7 en falt yn sliep

10 nov 2014 - 10:20

In 34-jierrige autobestjoerder út Grinslân siet sneintejûn te sliepen yn syn auto. Hy hie de wein stilsetten op de flechtstrook fan de sneldyk A7 by Beetstersweach. Doe't de plysje him wekker makke hie, kaam hy dreech út de auto. Mooglik dat hy dronken hie. Hy fertelde dat in freon fan him riden hie, mar dat dy fuortrûn wie.

Nei ûndersyk die bliken dat de man socht waard foar bedriging en mishanneling. Hy is oanhâlden en sit fêst.

Trefwurden: 
A7 auto sliepe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)