Knegt pakt sulver op 500 meter yn Salt Lake City

10 nov 2014 - 08:17
  • Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea pakte snein it sulver op de 500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City. Sneon wie der al brûns foar de Bantegeaster op de 1000 meter. It wienen de iennige twa medaljes foar Nederlân.

Itzhak de Laat fan Ljouwert einige op syn 1000 meter as fjirde yn de B-finale. De ôflossingsploech mei dêryn Knegt, De Laat, Daan Breeuwsma en Freek van der Wart einige as sechsde. Nije wike komme de shorttrackers yn aksje yn Montreal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)