Nasjonale Betinking foar slachtoffers fleanramp MH17

10 nov 2014 - 06:05

Yn de RAI yn Amsterdam is moandei de Nasjonale Betinking fan de slachtoffers fan de fleanramp mei flecht MH17. De betinking begjint om 13.00 oere. Neist kening Willem-Alexander, keninginne Maxima en prinses Beatrix wenje 1600 neibesteanden fan alle 298 slachtoffers de betinkting by.

Op de byienkomst sprekke neibesteanden en wurde alle nammen fan de slachtoffers neamd. Ek is der muzyk fan Marco Borsato en it Radio Filharmonisch Orkest. Op alle offisjele oerheidsgebouwen sil de flagge healstôk hingje.

Ek Omrop Fryslân jout rom omtinken oan de Nasjonale Betinking yn har programmearring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)