Noardlik Film Festival wer op âlde nivo besikers-tal

09 nov 2014 - 16:50
  • Noardlik Film Festival 2014

It Noardlik Film Festival yn Ljouwert hat dit jier wer sa'n 20.000 besikers lutsen. Eksakte sifers binne der noch net, mar de doelstelling fan 20.000 minsken is helle, sei direkteur Jacqueline Schrijver. De besikeroantallen lizze dêrmei heger as ferline jier. Doe foel de belangstelling wat ôf, en kamen der hast 3000 minsken minder nei it filmfestival.

Mei in nije programmearring en koartingsaksjes foar studinten wie it besikersoantal dit jier wer op it âlde nivo. Opfallend dit jier wie dat in soad films útferkocht wiene.

De publykspriis gong nei twa winners. Sawol de ynstjoering Brozer fan Mijke de Jong as de film Before Snowfall fan Hisham Zaman krige fan de besikers in einsinfer fan in 9,2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)