Hantekeningaksje Ryster jeugd tsjin 500 asylsikers

09 nov 2014 - 16:27

Jongeren yn Riis hawwe sneintemiddei hantekenings ophelle tsjin de grutte mannichte asylsikers dy't it COA yn it doarp ûnderbringe wol. It COA wol fiifhûndert asylsikers yn de leechsteande gebouwen fan Mooi Gaasterland pleatse. De Ryster jongeren binne net op de komst fan asylsikers tsjin, mar se fine fiifhûndert tefolle yn in doarp mei noch gjin twahûndert ynwenners. Dat kin de feiligens yn it doarp yn gefaar bringe.

Tsientallen jongeren giene snein it doarp en de Ryster Bosk yn mei listen om te freegjen oft minsken tekenje wolle.

Fanwege it sierlike hjerstwaar wie it snein drok mei kuierders yn 'e Ryster Bosk. Yn twa oeren tiid binne 180 hantekens ophelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)