Cambuur mei 4-2 ûnderút tsjin Ajax

09 nov 2014 - 14:25
  • SC Cambuur tsjin Ajax
  • Davy Klaasen fan Ajax yn duel mei Mohamed El Makrini fan Cambuur
  • Etienne Reijnen fan Cambuur yn duel mei Arek Milik fan Ajax
  • Albert Rusnák yn gefjocht om de bal mei Davy Klaassen

SC Cambuur gong snein mei 4-2 ûnderút tsjin Ajax. De Ljouwerters hienen yn eigen stadion in dreamstart, want al nei 2 minuten makke Sebastian Steblecki de iepeningstreffer. Lang koe it publyk net fan de foarsprong genietsje, want Milik makke al rap de 1-1. Klaassen soarge fuort dêrnei foar de Amsterdamske foarsprong.

Nei rêst ferromme Milik de marzje mei syn twadde treffer. El Ghazi smiet de wedstriid dêrnei definityf yn it slot. Nei in oertreding op Michiel Hemmen yn de 16 meter soarge Bartholomew Ogbeche mei in strafskop foar de einstân.

Skiedsrjochter Danny Makkelie koe de wedstriid net ôfmeitsje. Hy rûn yn de slotminuten in blessuere op en moast him sels ferfange litte troch de fjirde official.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)