Brabanner biedt falske supermerksegels oan yn Drachten

09 nov 2014 - 13:49

Yn in supermerk yn Drachten is sneon in Brabanner oanhâlden omdat er besocht falske sparsegels te fersulverjen. De bedriuwslieder hie in tip krige fan in oar filiaal dêr't it wol slagge wie. De 54-jierrige man út Teteringen woe yn de supermerk oan it Kiryat Onoplein op de falske segels 52 euro ynbarre.

Nei ferhear die bliken dat de man al fjouwer kear earder oanhâlden is foar falske supermerksegels. Dat wie rûmom yn Nederlân. De man kriget in proses-ferbaal en in tagongsferbod foar de beide filialen fan Albert Heijn yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)