SCO begjint sealkompetysje mei ferlies

09 nov 2014 - 12:55

De kuorballers fan SCO binne de sealkompetysje sneontejûn úteinset mei in 24-15 ferlies by DOS '46. Yn Nijeveen hienen de kuorballers fan Aldeholtpea in soad muoite om ta skoaren te kommen. Yn de earste helte rûn de thúsploech sadwaande maklik út nei in 12-4 foarsprong. Yn de twadde helte kaam de doelpuntemasine fan SCO wat better op gong, mar de efterstân koe net mear ynhelle wurde.

De ploech fan trainer Aegle Frieswijk nimt it nije wike snein op tsjin Nic./Alfa-College út Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)