'Vier Meter' wint 48 hours-priis op filmfestival

09 nov 2014 - 11:29

De film Vier Meter hat op it Noardlik Filmfestival yn de 48 hours-kompetysje de publykspriis wûn. Vier Meter is makke troch Rockpaperscissors. De 26 koarte films dy't kâns makken op de priis, waarden sneontejûn fertoand op it filmfestival yn Ljouwert.De filmmakkers moatte yn twa dagen in koarte film meitsje. Se krije pas op it lêste momint te hearren yn hokker sjenre.

De kompetysje wurdt yn in soad oare lannen ek hâlden. De winner fan Ljouwert sil it yn Hollywood opnimme tsjin de goed 140 oare winners fan de 48 hours-kompetysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)