Bob de Vries wint maraton nei slitaazjeslach

08 nov 2014 - 21:54

Bob de Vries hat de fjirde maraton fan it seizoen wûn. De Haulster wie op it keunstiis fan Den Haach nei 125 rûntsjes de rapste fan in njoggen man sterke kopgroep. Folle mear maratonriders soene ek net oer de einstreek komme. Yn totaal waard dizze slitaazjeslach troch mar tolve manlju útriden. De Sieu Niels Mesu, wenjend yn Tsjalbert en ploechmaat fan de winner, waard twadde. Douwe Bierma fan Ljouwert waard kreas tredde. Winner Bob de Vries fersteviget syn kopposysje yn it klassemint.

Earder op 'e sneontejûn wie op itselde iis de earste kompetysjewedstriid massastart, in lytse maraton oer 16 rûntsjes. Dy waard wûn troch Arjan Stroetinga. By de froulju wie Irene Schouten de rapste, foar Heather Richardson.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)