Vestdijkprizen útrikt yn Harns

Niña Weijers hat sneontemiddei de Anton Wachterpriis yn ûntfangst naam. De twajierlikse priis foar it bêste skriuwersdebút waard yn de Grutte Tsjerke yn Harns útrikt. Weijers krige de priis foar har roman 'De Consequenties'. De priis bestiet út in replika fan it byldsje fan Anton Wachter op de Foarstrjitte yn Harns en in jildbedrach.
De Ina Dammanpriis waard útrikt oan Emanuel Overbeeke. Hy krige de priis fanwege it omtinken dat er jûn hat oan Simon Vestdijk as muzykleafhawwer.