ONS wint mei 1-0 fan Rijnsburgse Boys

08 nov 2014 - 17:01

Topklasser ONS Boso Snits pakte sneon in 1-0 oerwinning op Rijnsburgse Boys. Op it Sudersportpark kamen de Snitsers yn de 32e minút op foarsprong. Curty Gonzales krige in strafskop nei hands fan in Rijnsburg spiler. Chris de Wagt fersulvere dizze bûtenkâns. In skot fan Martijn Roosenburg op slach fan rêst waard keard troch de latte.

Nei rêst setten de gasten út Rijnsburg de Snitser ferdigening flink ûnder druk. Mei in soad striid en it nedige gelok wist de ploech fan trainer Bert Hollander de 1-0 oerwinning oer de streek te lûken.

Trefwurden: 
Snits fuotbal ONS Boso Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)