Waterlander gjin kandidaat Earste Keamer

08 nov 2014 - 15:19

It is de Ljouwerter Jan Waterlander net slagge om foar 50Plus de listlûker te wurden foar de Earste-Keamerferkiezings yn maaie takom jier. Oprjochter Jan Nagel krige 143 stimmen, wylst Waterlander 52 krige. Waterlander is listlûker fan 50Plus yn Fryslân.

De lanlike fraksje fan 50Plus hie sneon yn Hilversum de ledefergadering. Nagel wie troch it haadbestjoer foardroegen as iennige kandidaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)