Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys koprinner

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys © Romke Visser
De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys pakten freedtejûn in romme 5-0 oerwinning op Plubos. Nei 5 minuten kamen de Drachtster froulju op foarsprong troch in treffer fan Marleen Reenders. Pas yn de twadde helte wisten de Drachtsters yn eigen hal de marzje fierder út te wreidzjen. Troch doelpunten fan Brenda Bekkema, Marieke van Toledo, Esther van Toledo en Janneke Booij rûn de thúsploech út nei in ienfâldige oerwinning.
Mei de winst is Drachtster Boys no koprinner yn de frouljus-earedivyzje-sealfuotbal wurden.