Wim Stroetinga rydt nij rekôr ploege-achterfolging

© awfoto.nl
Baanhurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat op de earste dei fan de wrâldbekerwedstriden yn Meksiko in nij Nederlânsk rekôr riden mei it Nederlânsk team op it ûnderdiel ploege-achterfolging. Mei Tim Veldt, Dion Beukeboom en Roy Eefting sette Stroetinga in tiid fan 3,58,235 op 'e klok. Dat wie in flinke ferbettering fan it âlde nasjonaal rekôr. Dat stie op 4,03,033.
De knappe tiid wie goed foar in tredde plak yn de earste ronde. Yn de twadde ronde treft it Nederlânsk team Ingelân, dat oant no ta de rapste tiid klokte mei 3,57,661.