Hierders Boerum lilk oer sloop wenten

08 nov 2014 - 14:09
  • De huzen yn Boerum, dy't sloopt wurde sille
  • De huzen yn Boerum, dy't sloopt wurde sille

Bewenners fan fjouwer sosjale hierwenningen oan de Rosemastrjitte yn Boerum binne poerrazend op wenningkorporaasje Thús Wonen. Dy hat de bewenners meidield dat harren huzen takom jier sloopt wurdt. De hierders wienen derfan útgien dat sy minimaal trije jier yn it foar op de hichte steld wurde soenen. Boppedat sjogge se de needsaak ta sloop net. Alle 28 hierwenningen yn Boerum wurde bewenne, dus fan krimp is gjin sprake.

De bewenners hawwe in brânbrief oer de sloop stjoerd nei de polityk yn de hoop op stipe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)