Doarpen keapje sels digitaal snelheidsboerd

08 nov 2014 - 12:32
  • It nije digitale boerd jout automobilisten oan hoe hurd oft se ride

Sân doarpen yn de gemeente Weststellingwerf hawwe mei-inoar in digitaal boerd kocht tsjin te hurd ridend autoferkear. It boerd mei in smiley derop is freed yn De Hoeve yn gebrûk naam. De doarpen hoopje sa de feiligens te fergrutsjen. It gesichtsje moat minsken derop wize oft se te hurd ride of net.

De gemeente hie earder ek al sa'n boerd oankocht, dat ôfwikseljend yn de doarpen stiet. It nije boerd komt dêr no by, It is kocht troch doarpsbelangen fan De Hoeve, Spangea, Munnekeburen, Skerpenseel, Aldeholtpea, Blesdike en Sonnegea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)