Alve drankriders pakt by grutte kontrôle
De plysje yn Ljouwert hat freedtejûn en -nacht op ferskate plakken alkoholkontrôles hâlden. Dêrby binne 1200 automobilisten kontrolearre. Alve fan harren hiene te folle drank op. Se hawwe in proses-ferbaal krigen.