Waterlander 50Plus-kandidaat Earste Keamer

08 nov 2014 - 09:03

De fraksjefoarsitter fan 50Plus yn Fryslân Jan Waterlander stelt him sneon kandidaat as listlûker foar de Earste-Keamerferkiezings fan de partij. It lanlike bestjoer hat as iennichste oprjochter Jan Nagel foardroegen as listlûker. Mar lang net alle 50Plus-leden binne foarstanner fan Nagel, seit Waterlander. Dêrom tinkt er wol in goede kâns te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)