Winst UNIS Flyers yn earste heale finale tsjin Geleen

De UNIS Flyers © awfoto.nl
De UNIS Flyers ha de earste heale finalewedstriid yn de bekerkompetysje mei 5-1 wûn fan Geleen. Op it iis fan Thialf wiene de perioadestannen 2-0, 2-0 en 1-1. Yn de reguliere bekerkompetysje stie dizze 5-1 einstân ek beide kearen yn it foardiel fan de Flyers op it skoareboerd. Brandon Greenside, Marcel Kars, Ronald Wurm, Levi Houkes en Mitch Bruijsten wiene de Feanster doelpuntemakkers. Yn de tredde perioade krigen beide ploegen in protte strafminuten. Snein is de twadde wedstriid yn Geleen. By winst is UNIS Flyers bekerfinalist.