De Utflecht yn premjêre op Noardlik Film Festival

07 nov 2014 - 21:59

De nije dramasearje De Utflecht is freedtejûn offisjeel presintearre op it Noardlik Film Festival yn Ljouwert. It ferhaal giet oer asylsiker Lionel Machava, dy't it lân út moat. Syn klasgenoatsje Denise wol dêr in stokje foar stekke, om't se it net earlik fynt. It grutste part fan it ferhaal fynt plak yn in bus dy't op skoalreiske is. Op in stuit wurdt de bus kaapt.

Skriuwer en regisseur fan De Utflecht is Bart Kingma. Hy hopet op in grut súkses. De 6-dielige searje is fan takom wike sneon ôf te sjen by Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)