Priis foar Wüst: meast suksesfolle sporter fan Sotsji

Ireen Wüst © ANP
Ireen Wüst hat freed de ANOC Award foar meast suksesfolle froulike sporter fan Sotsji krigen. Wüst, dy't al jierren op It Hearrenfean wennet, wûn begjin dit jier twa gouden en trije sulveren medaljes by de Olympyske Spelen yn Sotsji. Se wie ek al de meast suksesfolle Olympiër fan Nederlân.
De ANOC Award is in nije priis, yn it libben roppen troch de Assosjaasje fan Nasjonale Olympyske Komitees, de ANOC. De priisútrikking wie yn Bangkok. Wüst wie al yn Azië foar wrâldbekerwedstriden.