Plysje hellet hûn fan sneldyk by De Jouwer

07 nov 2014 - 18:23

De plysje hat freedtemiddei in hûn fan de sneldyk A7 tusken De Jouwer en Snits ôfhelle. It bist is opfongen. Wa't de eigener is, wie op dat momint net bekend. De plysje hie in oprop op twitter pleatst yn de hoop dat hy of sy him/har meldet.

Uteinlik is de chip fan de hûn útlêzen en de eigener achterhelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)