Lichem fermiste skipper fûn yn jachthaven fan Starum

Plysje © ANP XTRA
Yn jachthaven Marum fan Starum is freed oan it begjin fan de jûn it lichem fan in 71-jierrige man út Dútslân oantroffen. De man wie as fermist opjûn, neidat earder noch tocht wie dat er ferline wike al nei syn thúslân fertrokken wie.
Doe't bliken die dat dat net sa wie, begûn de plysje fuortdaliks mei in grutte sykaksje. Der waard ûnder oaren dregge. Al gau is it lichem fan de man fûn. De plysje giet út fan in ûngelok.