Nij topsportsintrum foar syltalinten yn Snits

07 nov 2014 - 17:30
  • De Snitswike

Fryslân is yn febrewaris in nij topsportsintrum riker. Dan set it Regionaal Training Centrum Noord Nederland útein fan de Koninklijke Watersportvereniging Sneek. De Snitsers ha al langer de ambysje om syltalinten op te lieden ta wrâld- en olympysk kampioenen.

It sein giet hjirfoar no definityf op grien omdat der 50.000 euro beskikber komt út it provinsjale budzjet foar plattelânsbelied. Deputearre Steaten moat noch akkoart gean, mar dat is gewoanwei in formaliteit.

Yn totaal is der mear as 540.000 euro nedich foar in perioade fan fiif jier. It jild wurdt brûkt om trainers op te lieden en om materiaal te keapjen. It trainingssintrum wurdt stipe troch NOC*NSF en is yn Nederlân de earste yn syn soart. Net allinnich potinsjele kampioenen wurde holpen. Ek de breedtesport moat hjir fan profitearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)