Nije sportakkommodaasje foar keats- en tennisferiening

De keatsferiening en de tennisferiening yn Berltsum hawwe tegearre in nije multyfunksjonele sportakkommodaasje realisearre. Freed wie de iepening. It nije gebou stiet tusken de keatsfjilden en de tennisbanen yn op sportkompleks De Koekoek. Der is ûnder oaren in nije keatsmuorre pleatst en in minyfjild foar pupilletennis.
It eardere gebou fan de tennisklup wie bot ferâldere en renovaasje hie gjin doel mear. Nei oerlis is dêrom besletten om gear te wurkjen mei de keatsferiening.
It nije gebou is oan it besteande ûnderkommen fan de keatsklup fêstboud.
By de iepening is de 62-jierrige Engele Bouwma keninklik ûnderskieden. Hy hat it gebou ûntwurpen en hat as frijwilliger in soad tiid en enerzjy stutsen yn it nije kompleks. Boargemaster Tom van Mourik rikte de ûnderskieding, lid yn de Oarder fan Oranje Nassau, út oan Bouwma.