Derby Drachtster Boys - Harkemase Boys foar 40e kear

De derby tusken Drachtster Boys en Harkemase Boys wurdt sneon foar de fjirtichste kear spile. Drachtster Boys nimt it op de eigen Drachtster Bosk op tsjin de gasten út De Harkema. Nei ferwachting reizgje hûnderten supporters mei nei Drachten. Harkemase Boys hat de derby it faakst wûn.
Op de ranglist is it dit seizoen spannend: op dit stuit stiet de ploech út De Harkema trije punten foar op de Drachtster Boys.