Rapper Hozny krijt taakstraf foar Wilders-fideo

07 nov 2014 - 14:19
  • Rapper Hozny

De 27-jierrige rapper Hozny krijt 80 oeren wurkstraf en in finzenisstraf fan twa moanne ûnder betingst foar it bedriigjen fan PVV-lieder Geert Wilders. Dat hat de rjochtbank yn Den Haach besletten. De straf is lyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje.

Yn maart fan dit jier pleatste Hozny in fideoklip op ynternet. Dêryn wie te sjen dat in man dy't op Wilders liket, twa fjoerwapens tsjin syn holle krijt. Oan de ein fan de fideo is in skot te hearren en giet it byld op swart. Wilders hat oanjefte dien.

Neffens Hozny is de klip in reaksje op de 'minder-minder' útspraken fan de PVV-lieder by de gemeenteriedferkiezings. Doel wie om te sjokkearjen, net te bedriigjen, sa seit er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)