Der wurdt hurd wurke oan it slopen fan Nij Bethanië

07 nov 2014 - 14:16

Der wurdt al flink sloopt by soarchsintrum Nij Bethanië yn Tsjummearum. Dizze wike is begûn mei de sloop fan it gebou. De bewenners ferhuzen earder al nei in tydlik ûnderkommen op it terrein. It soarchsintrum krijt nije lytsskalige wenten en apparteminten. Yn it nije gebou komme ek de beide basisskoallen út it doarp.

Mei-inoar foarmje se it multyfunksjoneel sintrum fan Tsjummearum. Op it terrein fan Nij Bethanië sil wenningkorporaasje Wonen Noordwest Friesland boppedat tolve twa-ûnder-ien-kap-wenningen bouwe.

Nei ferwachting is it hiele plan yn 2017 klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)