Kraamzus De Jouwer docht oanjefte fan smaad

07 nov 2014 - 14:07

Kreamsoarch-organisaasje Kraamzus fan De Jouwer hat oanjefte dien fan smaad. Dit is nei oanlieding fan in brief dy't yn de organisaasje rûngiet. Yn de brief stelt in 'klokkelieder' dat der binnen de organisaasje fraudearre wurdt. Memmen soene ûnterjochte in soarchyndikaasje krije wertroch't der mear oeren yn rekken brocht wurde kinne.

Direkteur Mark Brouwer fan Kraamzus sprekt alle beskuldigings tsjin. Neffens him leit it gemiddelde tal oeren soarch dat de organisaasje leveret sels leger as it lanlik gemiddelde fan 44 oeren.

Brouwer betreuret de gong fan saken en wol fierder gjin kommentaar jaan. Soarchfersekerder De Friesland hat de melding ek krigen en ûndersocht. Dy seit dat Kraamzus 'm kreas oan de regels hâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)