De Ridder wer blessearre

Daniël de Ridder sil snein nei alle gedachten net spylje kinne yn de thúswedstriid fan de Ljouwerters tsjin Ajax. De Ridder rekke freed op de training wer blessearre oan it kût. Dêr hat er al lêst fan sûnt de wedstriid tsjin SC Hearrenfean. Sneon wurdt definityf beslist oft de oanfaller spylje kin. Wa't syn eventuele ferfanger wurdt, woe trainer Henk de Jong net sizze. Ek Sander van de Streek is blessearre. Hy hat de skouder (wer) út de kom. Spilet hy snein net, dan is Erik Bakker syn ferfanger.
De rest fan de Cambuur seleksje is sa goed as fit.