Opposysjepartijen wolle debat oer wynmûnen yn Steaten

07 nov 2014 - 12:59

De opposysjepartijen yn de Steaten roppe de koälysjepartijen FNP, PvdA en CDA op om in serieus debat te fieren oer de plannen foar it pleatsen fan wynmûnen. Yn in iepen brief hekelje de fraksjes it beslút fan it kolleezje fan Deputearre Steaten. Dy hâldt fêst oan in grut wynmûnepark yn de Iselmar.

Mei dat foarnimmen giet it kolleezje folslein foarby oan alle ynspraakjûnen dy't der ûnder lieding fan Fryslân foar de Wyn west ha, seit fraksjefoarsitter Retze van der Honing fan GrienLinks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)