Gjin hegere belesting foar ynwenners Ljouwerteradiel

07 nov 2014 - 11:15

De ûnreplikesaakbelesting foar ynwenners fan de gemeente Ljouwerteradiel giet takom jier net omheech. Dat stiet yn de begrutting dy't de gemeenteried tongersdeitejûn fêststelde. Wol giet it taryf foar ôffalstoffeheffing omheech. Dit wurdt mei feroarsake trochdat de gemeente dit jier mear ôffal oanbean krige. De hegere ôffalstoffelêsten wurde lykwols kompensearre troch in legere rioelheffing.

De begrutting foar de kommende jierren is flink heger as dy fan dit jier.

Dat komt benammen trochdat de gemeente taken fan it ryk oernimme moat, lykas de jeugdsoarch en de Wmo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)