Stichting De Jouwer hâldt op mei 4 maaie betinking

De Stichting Nasjonale Betinking op De Jouwer hâldt nei 20 jier op mei it organisearjen fan de 4 maaie betinking. De stichting krijt gjin subsydzje mear fan de gemeente De Fryske Marren, fanwege de gemeentlike besunigings. Dat wie foar de stichting reden om definityf in streek te setten troch de betinking. It giet net om it bedrach fan 2500 euro, dat bygelyks ek mei sponsors ynsammele wurde kin. Mar it giet om in prinsipe kwestje, fynt foarsitter Jan Vermaning.
As de gemeente de stichting net mear stypje wol, dan dogge se it sels mar. "Dit is lûke oan in dea hynder. De motivaasje is fuort", seit Vermaning.