Harnzer bellet 66 kear ûnnedich 112

© Omrop Fryslân, Douwe Boersma
In 48-jierrige Harnzer hat woansdei 66 kear it alarmnûmer 112 belle. Hy is hjirfoar oanhâlden troch de plysje. De man dy't oan de Vaartweg wennet, hie de brânwacht belle mei de melding dat hy troch koalmonokside yn syn wenning net goed wurden wie. De brânwacht rukte út en die mjittings, mar koe neat fine. De man hie alkohol dronken, mar fierder mankearde him neat.
Ut ûndersyk die bliken dat de man al tsientallen kearen 112 belle hie. Hy soe in konflikt ha mei de oerheid.
De Harnzer hat al oankundige net op te hâlden mei it ûnnedich beljen fan de helptsjinsten.