Poppoadium Romein komt mei metalfestival
Poppoadium Romein komt mei in nij festival: Into Darkness. It festival dat 29 novimber hâlden wurdt yn Ljouwert jout oandacht oan de metalmuzyk. Acht metalbands sille optrede, mei as haadakt de Noarske black metalband Aeternus.