Auto op parkearplak Antillewei brânt folslein út

07 nov 2014 - 06:07

In auto op it parkearterrein achter in flat oan de Antillewei yn Ljouwert is freedtemoarn betiid folslein yn flammen opgong. Dêrby hearden tsjûgen meardere knallen. De brân sloech oer nei in camper dy't njonken de auto stie. Ek de camper rûn brânskea op.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)