Undersyk nei lûdmjittings JSF op fleanbasis Ljouwert

In spesjale kommisje ûndersiket hoe't it lûd fan in strieljager it bêste metten wurde kin op de fleanbasissen Ljouwert en Volkel. Dit hat alles te krijen mei de komst fan de nije JSF en de ferwachte lûdsoerlêst. No wurdt it lûd allinnich noch op papier berekkene. De saneamde 'Stjoergroep lûdsmjit-net JSF' besjocht oft it ek better is as der bygelyks hiel geregeld permanint lûd metten wurdt.
De stjoergroep is ynsteld troch minister Hennis fan Definsje neidat der ferline jier in moasje oer oannaam waard.
Definsje, de beide provinsjes, de gemeenten en de omwenners binne yn dizze stjoergroep fertsjintwurdige. Deputearre Sietske Poepjes is foarsitter. Mooglik dat âld-basiskommandant Anton de Drijver ek noch in rol krijt. De ûndersyksburo's NLR en it RIVM wurde ek ynskeakele.