"Bedriuwslibben te min belutsen by projekten Ofslútdyk"

06 nov 2014 - 21:51
  • De Ofslútdyk

De fernijende projekten om enerzjy op te wekken op de Ofslútdyk hawwe potinsje, mar binne noch net genôch fokust en it bedriuwslibben is der noch te min by belutsen. Dat seit de sjuery dy't tongersdei fjouwer saneamde Nasjonale Ikoanen útkeazen hat dêr't it Ryk ekstra stipe oan jout.

De Ofslútdyk makke ek in kâns om sa'n ikoan te wurden, mar hat it krekt net helle. Dat hat gjin konsekwinsjes foar de projekten sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)