Dongeradiel wol foarljochting oer duorsumens ferbetterje

06 nov 2014 - 17:20
  • Gemeente Dongeradiel

Wethâlder Albert van der Ploeg van Dongeradiel hat him oansluten by de feriening Gemeente voor Duurzame Ontwikkeling (GDO). Mei dizze nije gearwurking hopet Dongeradiel de foarljochting oer natuer en duorsumens te ferbetterjen. De natuer-edukaasjesintra yn Noardeast-Fryslân hawwe dêr in wichtige rol yn. Van der Ploeg wol oare gemeenten ek yn beweging krije om mei te dwaan.

Fierder docht Dongeradiel mei oan it Koprinnersprojekt fan de provinsje, om duorsum hanneljen te stimulearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)