Soarchsintrum Flecke op De Jouwer fiert 60-jierrich bestean

06 nov 2014 - 16:24

WenSoarch- en behannelsintrum Flecke op De Jouwer bestiet 60 jier. Dat is tongersdei fierd mei personiel en kliïnten. Moarns wie der kofje mei gebak foar de bewenners. Fierder wiene der muzikale foarstellings en koene de bewenners lekker ite. De Flecke is ûnderdiel fan Plantein. Dit is in organisaasje voar senioaresoarch yn Súdwest-Fryslân.

Goed 1250 meiwrukers en 850 frijwilligers leverje soarch oan de 900 kliïnten. Plantein hat fêstigings yn Snits, De Jouwer, Boalsert, Balk en De Lemmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)